It Bûtefjild is einlik in offisjeel natuergebiet

Nei goed fyftjin jier plannen meitsje en hurd wurkje is it einlik klear: it natuergebiet Bûtefjild. Jierrenlang wie it gebiet tusken Hurdegaryp, Aldtsjerk en Broeksterwâld benammen bestimd foar lânbou, mar it is hielendal feroare yn in gebiet dêr't natuerleafhawwers en rekreanten te plak kinne. It folsleine projekt hat hiel wat koste: hast trije miljoen euro.
De natuer fan it Bûtefjild is in wichtige skeakel yn it Fryske natuernetwurk tusken De Fryske Marren en it Lauwersmargebiet. Der wurdt noch hieltyd buorke yn it Bûtefjild. De boeren yn it gebiet dogge dat mei ekstra omtinken foar de natuer.