Kollum: ''Beammen''

02 jun 2017 - 08:30
  • De Toan fan Hilda Talsma

''Ik haw wat mei beammen en dan benammen mei grutte âlde, dikke, wize oerbeammen dy’t fan alles meimakke hawwe en hiel wat stoarmen trochstien hawwe.  By ús stiet in beam foar de erker dy’t net sa grut is mar dy fyn ’k wer hiel skattich, foaral yn it foarjier. Der komme sokke leave bledsjes oan en ik fyn it moai dat er foar it rút stiet. Ik genietsje dêr echt fan.

Ik lês op’t heden ‘Het verborgen leven van bomen’. De man dy’t it skreaun hat, wurke mear as 20 jier by it boskbehear yn Dútslân en hy hat ek boskbou studearre. No is er boskwachter fan in gebiet fan 1200 hektare. Hy seit dat beammen krekt as minsken as famyljes yn de bosken wenje. Beammen kommunisearje mei elkoar en stypje elkoar yn ‘e groei troch fiedingsstoffen te dielen.

Yn âlde kultueren wiene beammen ek hiel wichtich. Op hillige plakken stiene faak iken en hjir en dêr binne noch fan sokke âlde yndrukwekkende eksimplaren te finen.  Beammen soargje foar in goed klimaat, skaad, iten, hout en papier. Mar echte oerbosken binne der hieltyd minder en dat is sa skande.

In pear wiken lyn ha ‘k de enerzjy fan beammen field. Ik wie in dei op ’n paad mei in spiritueel selskip op syk nei krêftplakken yn Fryslân, ûnder begelieding fan in paragnost. Wy stiene yn in bosk by twa grutte yndrukwekkende beammen mar ien beam wie siik wylst de oare sûn wie.

Wy moasten earst in pear koarte oefeningen dwaan sa as djip sykhelje en ierdzje en dêrnei stadich nei de beam ta rinne mei de hannen omheech. Ik stean foar in hiele soad dingen wol iepen mar tagelyk bin ik altyd wol wat skeptysk. Earst sjen, dan leauwe.

Dochs wie it ferskil yn beide beammen goed te fielen. Doe’t myn hannen op de sike beam leine, waarden dy stienkâld en myn ûnderearms fielden swier. Ik hie der in tryst gefoel by. By de sûne beam koest al in bepaalde druk rûnom de beam op ôfstân fiele en doe’t myn hannen dêr op leine, tinteljen se in bytsje en it fielde net swier mar licht en fleurich.

Ik hie soks noch nea earder dien en ik wie djip ûnder de yndruk. Myn freondinne waard sels mislik doe’t se de by sike beam stie en dat is fierder dochs in hiele nochtere wâldpyk. It wie in tige learsume dei mei in soad yndrukken dêr’t ik wer in stik wizer fan wurden bin mar it wie ek wol konfrontearjend.

Wy hawwe prachtige beammen yn ‘e tún mar ús jonges fuotbalje wolris en dan knalle se regelmjittich in pear tûken út ‘e kastanjebeam. De hynders binne sjocht op ‘e tûken fan ‘e treurwylgen sadat dy no krekt parasols binne en de katten klimme wol gauris yn ‘e moerbeien… om mar net fan de hûn te praten dy’t wierskynlik wolris earne by opmiicht.

Wy hawwe eartiids ek in grutte bjirk hân. Dêr hawwe de bern letter in beamhutte yn makke dus dy is lek slein mei spikers. Mar wat de úteinlik deastek wie, wie de miich fan ús baarch, Hampie. Hy krige in nij hok yn ‘e en de bjirk stie yn Hampie syn ivich omwrotte tún. Neat fan oerbleaun. En it ferline jier hawwe wy ûnder oaren  in beam kapt omdat dêr altyd fûgels ynsieten dy’t myn  auto ûnder skieten.

Ik ha wol wat goed te meitsjen, dus leave  beammen… sorry foar al it ûngemak. Ik sil tenei better op jim passe. En foar de manlju… pisje mar net wer tsjin in beam oan . It is net sa sosjaal en se gnize jim grif út.''

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)