Holwerter pier grôtfol motoaren nei Facebook-oprop

01 jun 2017 - 23:09

Sa'n 150 motorleafhawwers út hiel Fryslân hawwe mekoar tongersdeitejûn opsocht op de pier by Holwert. It idee ûntstie dizze wike op de Facebook-side fan de Friesche Motor Riders. Dy woenen graach in kear mei safolle mooglik motorriders bymekoar komme.

Dat de opkomst sa grut wêze soe hienen se noait tocht. De motoaren waarden yn twa dikke rigen opsteld op de pier. Dêr waarden in soad foto's makke, en der waard praat oer fansels neat oars as de motor.

Om healwei tsienen hinne stapten de measte minsken wer op. De plysje hat der efkes by west, mar liet de groep dêrnei wer gewurde. 

Trefwurden: 
Facebook Holwert motoaren
(advertinsje)
(advertinsje)