Grinslanner dieven komme net fier yn stellen sloep

01 jun 2017 - 22:22
De stellen sloep - Foto: Plysje

Nei in achterfolging troch de greiden by Earnewâld hat de plysje twa mannen út Grinslân oanholden foar it stellen fan in sloep út de omkriten fan Grou wei. In tsjûge seach de mannen farren. Hy hie earder op de dei in melding fan burgernet krigen, en belle de plysje.

Under oare de plysjeboat út Burgum kaam op de melding ôf. De mannen naaiden út doe't se de plysjes kommen seagen, mar nei in koarte sykaksje koenen se oanholden wurde. Se sitte no fêst.

Trefwurden: 
dieverij sloep plysje
(advertinsje)
(advertinsje)