Wethâlder Van Dijk (Opsterlân) wurdt boargemaster yn Drinte

01 jun 2017 - 21:56
Piet van Dijk

Piet van Dijk fan Nij Beets wurdt de nije boargemaster fan de Drintse gemeente Aa en Hunze. De gemeenteried sil Van Dijk by de minister foardrage. Van Dijk is sûnt 2012 wethâlder yn de gemeente Opsterlân.

De fertrouwenskommisje beskriuwt Van Dijk as in belutsen en trochpakkend bestjoerder. Behalve syn ûnderfining as wethâlder wie hy ek lobbyist yn Den Haag foar de provinsje Flevolân en liedingjaande by de gemeente Zwolle. As de minister ynstimt mei de foardracht sil Van Dijk op 14 septimber beëdige wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)