Mienskipsjild moat ferstoppe fearten wer befarber meitsje

01 jun 2017 - 21:41

Ynwenners fan Hartwert, Hidaard, Reahûs en Easterein binne dwaande mei in crowdfundingsaksje om de fearten yn en om de doarpen wer befarber te meitsjen. Yn 2015 luts de provinsje Fryslân 400.000 euro út om fjouwer brêgen te ferheegjen. Hjirtroch koene boatsjefarders makliker troch de rûte komme.

Ferstoppe motoaren

Dêrmei is it wurk noch net dien. Pompeblêden, reid en oerhingjende beammen meitsje in grut diel fan de rûte tusken de doarpen ûnbefarber. "Motoaren reitsje ferstoppe en boatsjes rinne fêst yn it ûndjippe wetter," seit Gerben Kooistra.

Subsydzje

It giet om de farrûte dy't fan de Boalserter Feart fia Easterein, nei Hidaard en Boalstert ta rint en sa wer útkomt by Hartwert. Mei in subsydzje fan de gemeente Littensaradiel, de gemeente Súdwest-Fryslân en it Iepen Mienskipfûns moat dêr no wat oan dien wurde. Sy stekke 60.000 euro yn it plan.

Jild te min

De inisjatyfnimmers komme lykwols noch 10.500 euro te koart. Dat jild wolle se no barre mei de crowdfundingsaksje. Publyk kin op in spesjale side ynvesteare yn ferskate aktiviteiten. Yn ruil dêrfoar moatte se dan wol in bedrach stekke yn de crowdfundingsaksje.

Toerisme

"It wurk wat we dwaan wolle kin net allinnich foardielich útpakke foar de ynwenners fan de doarpen mar kin ek in boost jaan oan it toerisme yn ús regio," sa stelt Catharina Veenstra.

Tichtgroeide fearten

As der genôch jild ophelle wurdt dan moat al yn augustus úteinset wurde mei it wurk. Yn oerlis mei de boeren lâns de rûte wolle de inisjatyfnimmers dan wat dwaan oan de tichtgroeide fearten.

Trefwurden: 
crowdfunding De Greiden farre
(advertinsje)
(advertinsje)