Ambulânsemeiwurkers freegje omtinken foar kankerûndersyk

01 jun 2017 - 19:58
In ambulânse fan Kijlstra - Foto: Kijlstra

Ambulânsepersoniel fan Kijlstra is dwaande mei in sponsoraksje om jild yn te sammeljen foar ûndersyk en behanneling fan alfleisklierkanker. Direkte oanlieding is in kollega dy't dizze foarm fan kanker hat. De hiele moanne juny is útlutsen om troch hiel Fryslân omtinken èn jlid te freegjen.

De kollega's hawwe betocht om defibrilators troch de provinsje te bringen, minsken kinne de estafette sponsorje fia de spesjale webside. De iene post bringt de AED mei in antike ambulânse, in oare docht it kuierjend, of mei in boat. De estafette einiget úteinlik yn Ljouwert.

(advertinsje)
(advertinsje)