"Harnzer ôffaloven foldocht net oan miljeufergunning"

De REC yn Harns © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It ferbettertrajekt fan de ôffaloven yn Harns is hielendal noch net klear, dat fynt teminste de steatefraksje fan GrienLinks. Deputearre Schrier melde tiisdei dat dat wol it gefal is.
Yn febrewaris 2016 hawwe de steaten in moasje oannommen dy't ynhâlde dat de deputearre de fergunning fan de REC by de tiid bringe moast. Dat ferge minimaal fiif aksjes en dêrfan binne neffens GrienLinks twa noch net útfierd.
Dy partij fynt dat der hielendal gjin sprake fan is dat de REC no keurd is en foldocht oan de miljeufergunning. De partij sil de deputearre hjir opnij fragen oer stelle.