Sânstoarterij moat It Amelân hoedzje foar seewetter

01 jun 2017 - 19:24

Rykswettersteat is begûn mei it opfoljen fan de geul Borndiep boppe It Amelân, dêr wurdt de kommende wiken twa-en-in-heal miljoen kúb sân ynstoart. Op dy wize bliuwt it eilân beskerme tsjin de see. It wurk duorret oant de ein fan dit jier en giet dei en nacht troch, behalve op snein.

Badgasten hawwe der gjin lêst fan, mar moatte wol op feilige ôfstân fan it baggerskip bliuwe. De kommende jierren wurdt folge wêr't al dat sân bedarret, dat wudt dien mei mjitskippen en fan de fjoertoer fan It Amelân.

Rykswettersteat wurket by it ûnderhâld it leafst mei sân, omdat dat past by it natuerlike karakter fan de kust en it wettersysteem fan de Waadsee. Boppedat helpt it sân om de kust mei de Waadsee meigroeie te litten mei de stiging fan de seespegel

(advertinsje)
(advertinsje)