Bedriuw út Grinslân bout nije brêge by Dronryp

01 jun 2017 - 18:10

It boubedriuw Keninklike Oosterhof Holman út Grypstsjerk mei de nije brêge bouwe oer it Van Harinxmakanaal by Dronryp. Dat hat de provinsje bekend makke. De oannimmer is ûnder oare útkeazen omdat er in soad rekken hâldt mei de omwenners. Sa hat er de boutiid werombrocht fan in jier nei sân moanne.

De besteande brêge yn Dronryp is 75 jier âld en driuwend oan ferfanging ta. Swier frachtferkear mei der al in skoftlang net mear oerhinne, en as it te hurd waait, kin de brêge ek net mear iepen. De nije brêge soe begjin 2019 klear wêze moatte.

Trefwurden: 
Dronryp brêge
(advertinsje)
(advertinsje)