Flaggen dy't earst flessen wienen moatte it miljeu rêde

01 jun 2017 - 17:59

It is in unyk produkt, sizze se by de Dokkumer Vlaggen Centrale DVC. De petflagge. It is in flagge dy't makke is fan plestik petflessen. De flaggesintrale hopet hjirmei in wichtige stap te setten op de wei nei duorsumens. De produksje fan flaggedoek is no noch in grutte oanslach op it miljeu.

Geheim

It plastik jern foar de flagge wurdt yn Switserlân makke en it doek yn Dútslân. By hokker bedriuwen krekt, dat wol de direkteur net sizze. It is geheim. De DVC makket de duorsume flaggen yn gearwurking mei de Rotterdamse flaggemakker Semaphore Signs.

Djoerder

It meitsjen fan de duorsume flagge is 20% djoerder as it meitsjen fan gewoane flaggen. Mar de belangstelling is als grut, seit direkteur Robert-Jan Hageman fan de DVC. Hy hat grutte ferwachtings foar de takomst en tinkt dat it bedriuw úteinlik de produksje fan it reclycle doek hielendal yn eigen hannen nimme kin.

Jumbo

De Jumbo yn Dokkum is it earste bedriuw dat in duorsume flagge krigen hat. Der is ek in spesjale flagge makke foar Clean2Antartica. Dat is in ekspedysje mei in auto dy't hielendal út ôffalplastik makke is, en folslein duorsum nei it sintrum fan de Súdpoal ride sil.

(Advertinsje)
(Advertinsje)