Ljouwert hat nij festival derby: FryslânPhoto

01 jun 2017 - 17:52
Partisipaasjeprojekt FryslânPhoto - Foto: Jan de Boer

Fryslân krijt der wer in festival by. De hiele moanne oktober stiet Ljouwert yn it ramt fan de earste edysje fan it FryslânPhoto Festival. It tema fan it nije festival is 'Mijn Plek'. Der is wurk te sjen fan sawol profesjonele as amateurfotografen. In bysûnder projekt is dat tweintich koppels fan flechtlingen en autochtoane Ljouwerters foto's fan elkoar meitsje yn harren eigen omjouwing.

De foto's binne te sjen yn in aparte eksposysje en op temabyienkomsten oer yntegraasje yn Ljouwert. De moaiste foto's wurde ek pleatst op grutte billboards yn de stêd.

(advertinsje)
(advertinsje)