Kleiers krije gjin gehoar by Ljouwerter fleanbasis

01 jun 2017 - 17:20

It klachtenûmer fan de Ljouwerter fleanbasis is net te berikken. Minsken dy't it nûmer belje krije gjin gehoar en kinne ek net in boadskip ynsprekke. Der is op dit stuit mear oerlêst as oars fanwege in grutte oefening.

Besettingsproblemen

Neffens definsje binne der besettingsproblemen by de ôfdieling foarljochting. Dy moatte oer trije wike foarby wêze. It lanlike klachtenûmer is wol berikber, en minsken kinne ek online in klacht yntsjinje.

Antwurdapparaat

De lanlike foarljochting fynt it ferfelend dat minsken gjin gehoar krije en sil der foar soargje dat op it lokale nûmer it antwurdapparaat oansletten wurdt, sadat minsken in berjocht ynsprekke kinne.

Parseberjochten

De loftmacht seit dat yn de parseberjochten oer de oefening ek altyd it lanlike nûmer oanjûn stiet. Dat nûmer is 0800-0226033

(advertinsje)
(advertinsje)