Spesjale supermerk foar asylsikers iepene yn Burgum

Yn Burgum is tongersdei in winkel iepene spesjaal foar asylsikers en oare minsken mei in migraasje-achtergrûn. De ynternasjonale supermerk Saffraan hat spesjale rys, krûden en halal-fleis yn de skappen. Foar in soad immigranten binne se ûnmisber op de itenstafel.
De Iraniër Rahimi hat de saak opset, foar de bewenners fan it Burgumer asylsikerssintrum. Rahimi hat fjouwer jier wenne by frou Van Wieren dy't meihelpt yn de winkel. Wat opfalt, ek Friezen witte de supermerk goed te finen. Guon binne gewoan benijd wat der yn de skappen leit, oaren binne echt op syk nei wat bysûnders.