Gearwurking moat Fryslân mear toeristen opsmite

01 jun 2017 - 16:54

Trije toeristyske organisaasjes yn Fryslân iepenje meikoarten in mienskiplik kantoar. It giet om Merk Fryslân, Leeuwarden-Fryslân 2018 en Marketing Leeuwarden. Fanút it kantoar wurkje se mei-elkoar oan de kampanjes om mear toeristen te lûken nei Fryslân, Ljouwert en Kulturele Haadstêd. It kantoar komt oan de Sudergrêftswâl. It wurdt ein dizze moanne feestlik iepene.

(advertinsje)
(advertinsje)