"Boeren moatte mear gearwurkje om boaiem sûn te hâlden"

01 jun 2017 - 16:52

It giet net goed mei de boaiemfruchtberheid yn ús lân. Under oare it boaiemlibben, sa as wjirmkes, krobben en oare bistjes, rint efterút. Dy bistjes binne nedich om de grûn sûn te hâlden. Dat konkludearret de universiteit fan Wageningen yn in rapport. Sûne grûn is essinsjeel foar de opbringst yn de lânbousektor. It besef dêrfan nimt ta, mar der moat noch wol in hiel soad ûndersyk dien wurde om it op te lossen, seit Tineke de Vries fan lân- en túnbouorganisaasje LTO yn it Noarden.

Der moat folle mear gearwurke wurde by it fruchtber hâlden fan ús lânbougrûn, fynt De Vries. Benammen de gewoane en biologyske boeren soene mear gearwurkje moatte, mei help fan de kennis fan universiteiten.

(advertinsje)
(advertinsje)