Frou (88) ferstoarn nei oanriding mei kraan yn Drachten

01 jun 2017 - 18:20

By in ûngelok op in oerstekplak op de Gauke Boelensstrjitte yn Drachten is in fuotgonger om it libben kaam. It giet om in frou fan 88 jier âld. In kraan wie tsjin har oan riden. Hoe't dat gebeure koe, is net bekend. De plysje docht dêr noch ûndersyk nei.

De 45-jierrige bestjoerder fan de kraan, in man út Aldegea (Sm.), is oanholden fanwege syn belutsenens by it ûngelok. De dyk wie in skoft lang ôfsletten foar alle ferkear. Foar de helpferliening waard ek in traumahelikopter oproppen.

Trefwurden: 
ûngelok ferstoarn ferkear
(advertinsje)
(advertinsje)