In pinautomaat is te gefaarlik foar Reduzum

01 jun 2017 - 16:38

Redústers kinne net mear pinne yn eigen doarp. De Rabobank hat besletten de ienichste pinautomaat yn Reduzum per direkt te sluten. Oanlieding is in ûndersyk nei gefaren foar omwenners yn gefal fan in plofkreak. Neffens de bank binne dy yn Reduzum grut.

Earder gie yn Snits om dy reden ek al in pinautomaat ticht, op 'e Lemmer en yn Makkum wurde automaten ferhuze nei feiligere lokaasjes. By dy op 'e Lemmer wie heal maaie in plofkreak.

Trefwurden: 
Reduzum pinautomaat Rabobank
(advertinsje)
(advertinsje)