Te min jild ynsammele, mar swimbad Bloemketerp kin troch

01 jun 2017 - 16:17

It is net slagge 60.000 euro op te heljen foar it opknappen fan swimbad Bloemketerp yn Frjentsjer. De crowdfundingsaksje dy't opset wie, hat 17.000 euro opbrocht. It swimbad moat by de tiid brocht wurde, mar hat dêr sels gjin jild foar. De aksje waard opset troch Hans Nauta fan Hitsum. De opbringst is net hielendal dêr't Nauta op hope hie, mar dochs is er bliid mei it resultaat. "Ik ha wat te posityf tocht mei 60.000 euro, mar we binne mei 17.000 euro no wol sa fier dat it swimbad behâlden wurde kin."

Mei it jild wurde op dit stuit de treppen yn it swimbad opknapt, de yntree folget noch. Nauta hopet dat dat foar mear besikers soargje sil en dêrmei foar mear ynkomsten. Ek wurdt der besocht om noch in bydrage fan de gemeente te krijen.

(advertinsje)
(advertinsje)