Ferfolging hinget yn de loft foar skipper 'Harns'

© CAMJO Media
It Iepenbier Ministearje hat noch hieltyd net besletten oft de skipper fan it sylskip wêrop't foarich jier trije Dútsers om it libben kamen ferfolge wurde moat. Ein augustus bruts by Harns de foarste mêst fan it sylskip trochmidden. De mêsttop klapte nei ûnderen en rekke de Dútsers.
De Onderzoeksraad voor Veiligheid docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok. De útkomsten fan dit ûndersyk wurde yn de kommende moannen ferwachte.