De Feanhoop krijt otterpassaazje ûnder dyk troch

01 jun 2017 - 15:32

By de Kraenlânswei by De Feanhoop komt in otterpassaazje ûnder de dyk troch. Tiisdei begjint it wurk dêroan. Der komt in drûge dûker ûnder de dyk mei oan beide kanten in raster. Sa kin de otter feilich fanút it natuergebiet de Kraanlannen nei Nasjonaal Park De Alde Feanen gean en oarsom. Neffens natuerorganisaasje It Fryske Gea is de passaazje needsaaklik, omdat de dyk faak as oerstekplak brûkt wurdt en der in otterfamylje libbet.

It Otterfûns, it Wetterskip en de gemeente Smellingerlân betelje it projekt. Troch de oanlis sil der fan 6 juny ôf wol oerlêst wêze foar it ferkear. Der moat rekken hâlden wurde mei fertragingen.


 

(advertinsje)
(advertinsje)