Achtkarspelen wol net mear alle sportfjilden meane

01 jun 2017 - 15:21
Foto: awfoto.nl

Sportferieningen yn Achtkarspelen meie tenei kieze oft se sels har fjilden ûnderhâlde wolle of dat de gemeente dat docht. Kieze se foar it earste, dan krije se in fergoeding fan de gemeente. En yn it earste jier kinne se ek begelieding krije.

Op dit stuit soarget de gemeente Achtkarspelen foar it ûnderhâld fan alle sportfjilden. Yntusken ha fjouwer sportferieningen al sein dat se dat tenei wol sels dwaan wolle.

Trefwurden: 
sportfjilden Achtkarspelen
(advertinsje)
(advertinsje)