Sylster Marit Bouwmeester hat nije sponsor

01 jun 2017 - 15:07

Sylster Marit Bouwmeester út Warten hat in nije sponsor. Akkountants- en advysburo Deloitte is de kommende fjouwer jier de persoanlike sponsor fan Bouwmeester. Deloitte stipet har yn har tarieding op de Olympyske Spelen yn Tokio yn 2020. De sponsor seit dat Bouwmeester de perfekte ambassadeur is om it ferhaal fan it bedriuw te fertellen.

Bouwmeester is wakker bliid mei har sponsor. Se neamt it in A-merk en is ek bliid dat Deloitte har neist de finansjele stipe ek helpe wol mei har maatskiplike karriêre.

(advertinsje)
(advertinsje)