Projekt Grutte Pier nominearre foar kultuerpriis

01 jun 2017 - 14:14
Alles draait om Grutte Pier - Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

It projekt Grutte Pier fan Kimswert fan de PeerGrouP makket kâns op in priis. It giet om in priis fan it 'Fonds voor de Cultuurparticipatie', dy't giet nei in selsskip dat him op in unike wize ûnderskieden hat op it mêd fan kultuerpartisipaasje en -edukaasje. By it projekt Grutte Pier fan Kimswert hearde ûnder oare in foarstelling, dêr't ek de ynwenners fan it doarp by belutsen wienen. Mei-elkoar meitsje der fiif selskippen kâns op de priis. Publyk kin de kommende wiken fia de webside fan it 'Fonds voor Cultuurparticipatie' syn stim útbringe. De útkomst dêrfan sil meiweagje by it einoardiel fan de faksjuery. Dêr sit ûnder oare de Ljouwerter kultuerwethâlder Sjoerd Feitsma yn.

Trefwurden: 
Grutte Pier PeerGrouP
(advertinsje)
(advertinsje)