Sel easke foar man dy't mei bile ûnderweis wie nei syn frou

01 jun 2017 - 13:59
Justysje - Foto: Omrop Fryslân

Tsjin in 60-jierrige Boalserter is 38 dagen sel easke en 327 dagen finzenisstraf ûnder betingst. De man soe syn frou bedrige hawwe. Ein jannewaris wie er mei in bile yn de auto ûnderweis nei syn frou om har om it libben te bringen. De plysje koe him op tiid tsjinhâlde. Nei in relaasje fan 30 jier hie de frou oanjûn skiede te wollen. De fertochte kaam derachter dat se in relaasje mei in oar hie. De man bedrige syn frou meardere kearen en soe yn jannewaris besocht hawwe har fan de dyk te riden. Sels ûntkent er dat. Dyselde moanne gie er mei in bile nei it wurk fan syn eks. De plysje hat him doe fan de dyk helle.

De man hat al 38 dagen yn de sel sitten en wurdt no observearre yn in psychiatryske klinyk. Twa psychiaters sizze dat er fermindere tarekkenber is en behannele wurde moat. De rjochtbank docht 15 juny útspraak.

Trefwurden: 
justysje Boalsert
(advertinsje)
(advertinsje)