Wurkstraf easke tsjin Drachtster dief en heler

01 jun 2017 - 13:46
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In 32-jierrige man út Drachten hat him neffens it Iepenbier Ministearje skuldich makke oan stellerij en heling. Hjirfoar is in wurkstraf fan tachtich oeren en in selstraf fan seis wike ûnder betingst easke. Yn it buske fan de man fûn de plysje goed twa jier lyn stellen ark en fytsen. De man bekende dat er fytsen stellen hie yn Burgum en yn Annen. De Drachtster soe ek stellen ark opkocht ha. Op 15 juny docht de rjochter útspraak.

Trefwurden: 
justysje
(advertinsje)
(advertinsje)