Rjochtsaak tsjin fertochten oerfal Nes sjit net op

Helptsjinsten op de Strikel yn Nes (Akkrum) © Gerwin de Vries
Yn de rjochtsaak tsjin de fertochten fan de gewelddiedige oerfal op in 73-jierrige man yn Nes by Akkrum liket net folle skot te sitten. Tongersdeitemoarn wie der in pro forma saak tsjin ien fan de manlju, in 39-jierrige Serviër. Syn advokaat sei dat er sûnt de foarige sitting yn maart gjin oanfoljende stikken krigen hat. It wachtsjen is op de oanhâlding fan in oare fertochte út Servië. Dy is útnaaid.
Neffens de offisier fan justysje is der kontakt lein mei de autoriteiten yn Servië, mar dy leverje gjin ûnderdienen út. Fan de man dy't tongersdei foar de rjochter stie, is DNA oantroffen op stikken ducttape dêr't it slachtoffer mei fêstbûn wie. Dizze Serviër hat bekend.
It slachtoffer waard op 15 juny ferline jier yn syn wenning oerfallen, fêstbûn en slim mishannele. Hy hie twa brutsen ribben, in stikkene noas en ferwûningen oan de holle. De oerfallers makken sulver en antike sieraden bút. Der binne oant no ta fjouwer manlju oanholden. Freed tsjinnet de pro forma saak tsjin in 31-jierrige ynwenner fan Emmen.