Follybalster Marrit Jasper kin mooglik by Dútske klup bliuwe

01 jun 2017 - 12:59
Marrit Jasper yn har Snits tiid (hjir op argyfbyld) - Foto: awfoto.nl

Follybalster Marrit Jasper fan Snits kin mooglik dochs by har Dútske klup bliuwe. Earder dizze wike makke VfB Suhl bekend om de stekker út de earedifyzjeploech te lûken. De klup hie net genôch jild om op 'e nij in goed team gear te stallen. Mar dêr is no feroaring yn kaam, sa stiet op de webside fan Suhl. De gemeente wurdt ien fan de sponsoaren fan de klup, wêrtroch se it mei it jild wol oprêde. Oft Jasper ek by Suhl bliuwt, is lykwols noch net dúdlik. Mooglik dat se de oerstap makket nei in oare klup.

Ferline jier keas Jasper foar in bûtenlânsk aventoer, nei't se twa kear mei VC Snits kampioen wurden wie. Op it stuit sit se by de Nederlânske seleksje, dy't meidocht oan in kwalifikaasjetoernoai foar it wrâldkampioenskip.

(Advertinsje)
(Advertinsje)