Boer hâldt holle ûngelokslachtoffer boppe wetter by Grou

01 jun 2017 - 12:59

By in ûngelok op de Hôflânswei yn Grou is tongersdeitemoarn in automobilist yn it wetter rekke. De bestjoerder kaam troch noch ûnbekende oarsaak yn in sleat telâne. In boer dy't it ûngelok seach, hat de holle fan it slachtoffer boppe wetter hâlden. Meardere helpferlieners wiene oanwêzich, wêrûnder brânwachtauto's, ambulânses en in traumahelikopter. De brânwacht hat de bestjoerder út de auto helle. It slachtoffer is dêrnei mei de traumahely nei it sikehûs brocht. In twadde ynsittende rekke net ferwûne en koe sels út de auto komme.

Trefwurden: 
boer ûngelok
(advertinsje)
(advertinsje)