Spandoeken foar weromkomst brêge

01 jun 2017 - 12:41

Der hingje tongersdei spandoeken en flagen by de brêge fan Skûlenboarch. 'Wolkom thús brêge' en 'Hoera brug terug' stiet der op. Minsken binne bliid dat de brêge fan Skûlenboarch werom pleatst wurdt. Heal jannewaris waard de brêge, dy't oer it Prinses Margrietkanaal rint, oanfearn troch in binnenfeartskip. Sûnt dy tiid kin it ferkear fan Jistrum nei It Heechsân en omkeard der net mear del en moast it omride fia Koatstertille. De brêge wie nammentlik skansearre en reparaasje wie needsaaklik. Dat is de ôfrûne moannen bard op in skipswerf yn Grins.

Tongersdei en freed wurdt it brêgediel werompleatst. Ferkear kin der dan noch net oerhinne, om't Rykswettersteat de kommende wiken noch brûke sil om alle technyk wer oan te sluten. Neffens de planning sille de earste auto's en fytsers op 15 juny wer oer de brêge kinne. De ferwachting is dat de brêge no wer fiif jier mei kin.

De omwenners hoopje dat it no dien is mei alle ellinde, mar wis binne se net. Neffens de buertbewenners binne der regelmjittich binnenfeartskippen dy't der by opsitte. Mar, oan in nije tsjinfaller wolle se noch net tinke.

Trefwurden: 
Skûlenboarch brêge
(advertinsje)
(advertinsje)