Wa hat ideeën foar de Heerenveense School?

© Google Streetview
De gemeente Hearrenfean siket nije ideeën foar de Heerenveense School. Dat is in monumintaal gebouwekompleks oan de Minckelerstrjitte op It Hearrenfean. Foar in part is it slagge om der in kultureel sintrum fan te meitsjen, mar der is ek noch sprake fan leechstân. De gemeente nûget no allegearre organisaasjes út om mei te praten, om te sjen oft der noch ideeën binne oer hoe't it gebou fierder brûkt en eksploitearre wurde kin.