Omrop TIP: De Fytsalvestêdetocht by Omrop Fryslân

Fytsalvestêdetocht 2017
Pinkstermoandei is de dei fan de Fytsalvestêdetocht, de dei dat tûzenen fanatike fytsters fan stêd nei stêd fytse. Omrop Fryslân folget dy fytsers yn harren 235 kilometer lange tocht fan Boalsert oant Boalsert. De hiele dei wurdt ferslach dien op alle media fan Omrop Fryslân. Jûns stjoert Omrop Fryslân fan 18.20 oere ôf in spesjaal programma oer de fytsdei út op telefyzje.
De hiele dei docht Omrop Fryslân ferslach fan it fytsevenemint op radio en telefyzje. Moarns earst út Dokkum wei wannear’t de dielnimmers noch ‘farsk’ binne. Middeis sjocht Omrop Fryslân by de stimpelpost yn Aldemardum. Dêr wurdt praat mei de fytsers en reaksjes frege fan it publyk. Fierder is der in ridende ferslachjouwer op ‘en paad om yn de ferskate stêden it evenemint te ferslaan.
Op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app binne de hiele dei live bylden te sjen fan de fytsers. Nij dit jier is dat Omrop Fryslân in fytsende ferslachjouwer hat. Simone Scheffer fytst sels de Alvestêdetocht mei op de tandem en docht ûndertusken ferslach fan it evenemint op radio en telefyzje. Wat komt sy ûnderweis tsjin en hoe sear dogge har eigen fuotten? Har tocht is te folgjen op telefyzje en Omropfryslan.nl fia de webcam dy’t befêstige is op de tandem.
Ek dit jier is der in spesjale telefyzje-útstjoering út Boalsert wei. Fan 18.20 oere ôf sjocht presintator Roelof Lousma by de finish hoe’t de fytsers oankomme en hoe’t it mei harren steld is. Neist de ferslachjouwing binne der ek reportaazjes te sjen fan ferskate dielnimmers.
Elkenien kin op pinkstermoandei sms’e, whatsappe en twitterje nei de Omrop. De ynstjoerde berjochten komme foarby op telefyzje. Sms’e en whatsappe kin nei 06 204 991 99 en twitterje kin fia #fyts11.

Fytsalvestêdetocht op moandei 5 juny 2017:
Radio : fan 08.00 oant 22.00 oere op 92.2 FM
Online : de hiele dei fia Omropfryslan.nl en de Omrop-app
Telefyzje : fan 08.00 oant 18.00 oere. De jûnsútstjoering by de finish yn Boalsert mei hichtepunten fan de dei is te sjen fan 18.20 oere ôf.