FIDEO: 25 jier by de baas? Swimmend nei it wurk!

Stel, je wurkje al 25 jier by de baas en je wolle dat fiere. Dan kin je bygelyks in stikje oranjekoeke meinimme, mar je kinne it ek oars oanpakke. Dat die Sigrid Runia. Se wurket al in kwart iuw op de Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert en dêrom gie se tongersdei swimmend nei it wurk. Troch de Bonkefeart en de Dokkumer Ie swom se 2,5 kilometer nei Stenden ta. Dêr waard se op de wâl mei blommen en sjampanje opwachte troch in ûntfangstkomitee.
Hoewol't Runia de swimtocht prachtich fûn, hoecht se wat har oanbelanget net alle dagen op dizze wize nei it wurk. "Heel speciaal dat iedereen dan staat te zwaaien en te kijken. Hartstikke leuk, maar morgen gewoon weer normaal." Se wie ek te sprekken oer de temperatuer fan it wetter. "Het is echt topwater. Ik kan iedereen aanraden om er vandaag even in te springen", sa seit Runia.