Omrop TIP: It Oranjewoud Festival live by Omrop Fryslân

01 jun 2017 - 19:28

Tongersdei set it Oranjewoud Festival útein. Dat is ít klassike muzykfestival fan Fryslân. Omrop Fryslân is dêr oant en mei 5 juny by. Om te begjinnen is tongersdeitejûn om 20.30 oere it iepeningskonsert streekrjocht te sjen op Omropfryslan.nl en de Omrop-app. En der is natuerlik noch folle mear!

Ferslachjouwer Miranda Werkman is fjouwer dagen lang yn Oranjewâld om foar de radio ferslach te dwaan fan wat him ôfspilet op it festivalterrein. Se is ek op telefyzje te sjen. Fierder kinne leafhawwers meigenietsje troch de livestreams fan it iepeningskonsert, proeftún-classics en it slotkonsert, fia Omropfryslan.nl en de Omrop-app. 

De Omrop is derby

Dizze konserten binne te sjen op Omropfryslan.nl en de Omrop-app:
Tongersdei 1 juny om 20.30 oere: Iepeningskonsert
Freed 2 juny om 17.00 oere: Proeftuin Classic
Sneon 3 juny om 17.00 oere: Proeftuin Classic
Snein 4 juny om 12.00 oere: Proeftuin Classic
Moandei 5 juny om 16.30 oere: Slotkonsert

Op radio en tv binne wy ek op it festival:
Sneon 3 juny fan 9.00 oant 12.00 oere: Op & Ut

Miranda Werkman docht live ferslach:
Freed 2 juny fan 13.00 oant 18.00 oere: Noardewyn live en Weistra op wei op radio en telefyzje
Sneon 3 juny fan 13.00 oant 18.00 oere: Sneon yn Fryslân op radio en telefyzje
Snein 4 juny fan 13.00 oant 18.00 oere: Snein yn Fryslân op radio en telefyzje

Lêste kâns om te stimmen

Minsken kinne tongersdei noch stimme op harren favorite klassike nûmer út in list fan 25 stikken. Under it slotkonsert fan it Oranjewoud Festival, op pinkstermoandei, wurdt de nûmer ien út dy list live spile troch it Nederlands Blazers Ensemble. Alle stimmers meitsje kâns op twa frijkaarten foar de moandei fan it Oranjewoud Festival. Stimme kin hjir!

(advertinsje)
(advertinsje)