Earste ûnoffisjele winneres Alvestêdetocht ferstoarn

01 jun 2017 - 11:46

Wopkje Hutting-Kooistra, de earste frou dy't ûnoffisjeel de Alvestêdetocht wûn, is op 92-jierrige leeftiid yn Ljouwert ferstoarn. Wopkje kaam yn 1941 as earste frou oer de finish. Se wie doe noch mar 16 jier âld en hie de tocht yn 11 oeren en 9 minuten útriden. Yn totaal helle frou Hutting-Kooistra fjouwer Alvestêdekrúskes. Har earste tocht ried Wopkje nei eigen sizzen op "enkel een groot bord havermout en wat broodjes kaas in de jas". Se wie 18 minuten flugger as de nûmer twa Sjoerdje Faber. Dy't in jier earder as earste frou de tocht folbrocht hie. De heit fan Wopkje fûn dat se doe mei 15 jier noch te jong wie om mei te dwaan.

Yn dy tiid wie der noch gjin wedstriidbelied foar froulju wêrtroch Wopkje net registrearre is as earste froulike winner. Se hat har tegearre mei Sjoerdje Faber hjir wol foar ynset. Dochs hat it noch oant 1985 duorre foar't froulju oan it wedstriidelemint meidwaan mochten.

(advertinsje)
(advertinsje)