Hearrenfean wol ynwenners wize op wearde fan tsjuster

01 jun 2017 - 11:42

De gemeente Hearrenfean krijt in opfolger fan de innovaasjewedstriid Light Challenge. Dy opfolger hjit Feel The Night. It doel fan de Light Challenge wie om minsken bewuster te meitsjen fan ljocht op strjitte. Feel The Night moat de ynwenners krekt wize op de wearde fan it tsjuster. De wedstriid is in gearwurking tusken gemeenten, bedriuwen en ûnderwiis. Ek plakken bûten Fryslân dogge mei. It giet om ûnder oare Amsterdam, Rotterdam en Nijmegen.

(advertinsje)
(advertinsje)