''Bart, jouw auto ligt op zijn kant''

01 jun 2017 - 11:06

"'Midden in de nacht belde een vriend van me op: ''Bart, jouw auto ligt op zijn kant''. Ik dacht dat het een grap was, maar toen we aankwamen was ik snel wakker.'' Dat seit Bart Zeeders fan West-Skylge. Yn de nacht fan freed op sneon, nei de aktiviteiten en it feest fan de HT-roeirace, waard op it eilân syn auto fernield. De organisaasjes belutsen by it evenemint reagearren mei in spontane aksje: se hellen goed twatûzen euro op foar Bart, sadat er in oare auto keapje kin.

''We hebben wel meteen aangifte gedaan'', sa fertelt Bart. ''Maar je moet maar afwachten of de daders ook echt gepakt worden. Ik baalde als een stekker. In maart vorig jaar heb ik mijn rijbewijs gehaald en ik heb lang moeten sparen om de auto te kunnen kopen. Het was een hele vervelende situatie.''

De organisaasjes fan de aktiviteiten op Skylge wiene oandien troch de gebeurtenissen en namen it beslút om Bart te helpen. Ek in soad minsken yn de feesttinte op Skylge joegen in donaasje. Yn totaal waard der goed twatûzen euro foar Bart Zeeders ophelle. Dêrmei kin er in oare auto keapje.

''Ik heb me er de hele dag over verbaasd'', sa fertelt er. ''Dat zoveel mensen zich hiervoor hebben ingezet, dat vind ik geweldig. Het bericht is op Facebook honderden keren gedeeld en ik werd door heel veel mensen gebeld.''

Dat safolle minsken meiholpen hawwe oan de aksje, ferklearret Bart mei de sosjale koheezje op it eilân. ''Iedereen kent elkaar hier en normaliter gebeurt zoiets hier niet. Met dit mooie gebaar hebben ze laten zien dat zulke dingen hier niet thuishoren op ons eiland.''

Trefwurden: 
plysje auto schade Skylge
(advertinsje)
(advertinsje)