Byld De Wachter komt werom by Ynjemonumint Rengerspark

01 jun 2017 - 11:06

It byld De Wachter dat diel útmakket fan it Ynjemonumint De Deadewacht komt ein dizze moanne werom yn it Rengerspark yn Ljouwert. It byld dat in jonge soldaat foarstelt, waard ferline jier augustus fan syn sokkel lutsen en fernield. It wie sa bot skansearre dat werstel net mooglik wie. De Stichting Indië-Monument Friesland, dy't ek alle jierren de betinking fan de Ynjeslachtoffers organisearret, hat dêrop besletten in identyk byld meitsje te litten.

It nije byld hat de stichting dik 20.000 euro koste. Freed 30 juny wurdt it ûntbleate troch de Ljouwerter boargemaster Ferd Crone. 

(advertinsje)
(advertinsje)