Strânfuotballers fan VIOD ferlieze yn Champions League

De strânfuotbalfroulju fan VIOD út Driezum hawwe de twadde wedstriid yn de Champions League yn Portugal ferlern fan de Beachkick Ladies Berlin. De wedstriid fan woansdeitejûn wie in wier spektakelstik, mar de Driezumers hiene krekt net genôch yn hûs om ta de Europeeske top troch te dringen. De froulju fan Berlyn wiene by de foarige edysje fan de Champions League noch as twadde einige, en se hiene it dreech mei de Friezen.
VIOD sette dramatysk útein mei de wedstriid. Yn 30 sekonden stiene de Dútsers al op foarsprong. Mar troch doelpunten fan Arte Brueren en Femke Reitsma kamen de Driezumers ynienen op foarsprong. Yn de twadde perioade rekken de froulju lykwols it spoar bjuster. Berlyn koe útrinne ta in 5-2 foarsprong, dy't yn de tredde perioade noch werombrocht wurde koe ta in 5-4 tuskenstân. Mar yn stee fan in lykmakker te meitsjen, wiene it de Dútsers dy't it ferskil wer op twa doelpunten setten. Yn de lêste minút koe Mariël Miedema de einstân noch op 6-5 bringe.
VIOD moat tongersdei mei grutte sifers winne fan de kampioen fan Frankryk, Grande Motte Pyramide BS, om as bêste nûmer twa troch te gean nei de kwartfinales.