Kollum: "Kop fan stien"

01 jun 2017 - 08:51

"Hoe krijt er it yn ‘e plasse. Se ferwachtsje dat president Trump fan Amearika dizze wike oankundigje sil dat Amearika him weromlûkt út it klimaatakkoart fan Parys. Amearika. It lân dêr’t de bêst ferkochte auto in dikke pick-up truck is, mei V8-motoaren fan 5 liter, of yn alle gefallen V6. It soart auto’s dat draaikolkjes yn de tank hat. Fersus Europa, mei as bêst ferkochte auto’s VW Golfkes, Renault Clio’s, Fiat Panda’s en 500… auto’s dy’t kwa gewicht trije kear yn de Amerikaanske F150 passe. Mei lytse fjouwer silinders, of trije, mei start-stop systemen en avansearre techniken dy’t derfoar soargje dat se skjinner en effisjinter binne.

It Amearika, it grutte Amearika, dat net hegesnelheidslinen oanlein hat, mar ferslaafd is oan kerosine sûpende fleantugen, oan binnenlânske flechten. Amearika dêr’t de measte treinen op disel ride, mei 29 miljoen treinreizen yn it jier. Fersus Nederlân, wy allinnich al ha 320 miljoen treinreizen per jier. Hast al it spoar is elektrysk en op griene stroom… Mear as tsien kear safolle, yn in lân dat mar een fraksje is yn fergelyk mei Amearika.

It Amearika dat oalje oppompt yn de Golf fan Meksiko, dêr’t sân jier lyn by in ûngelokje alle dagen tusken de ien en sechtjin miljoen liter ierdoalje yn ‘e see telâne kaam. Trije moannen lang. It lân dat oan fracking docht en oalje út 'teerzand' hellet, mei in obsesje foar grutte motoaren en airconditioning, ach ik kin noch sa lang troch gean…

Dat Amearika. Dat wol net meidwaan oan de ôfspraken dy’t safolle wrâldlieders yn Parys makke hawwe om klimaatferoaring te beheinen. Omdat de presidint net leaut dat de temperatuer op ierde omheech giet, lit stean dat dit troch minsklike aktiviteiten komt.

Wylst wittenskippers it der echt wol oer iens binne.

Gerrit Hiemstra: “In 2014 heeft het KNMI klimaatvoorspellingen gepubliceerd. Gemiddeld wordt het warmer. We krijgen zachtere winters en vaker hetere zomers. Het wordt ook natter."

We pompe alle dagen sa’n 13 miljard liter oalje nei boppe. En wy ferbrâne ûngefear itselde, fansels. Dat binne koalferbiningen dy’t hûnderttûzenen, of miljoenen jierren lyn yn de grûn bedarre binne. En wy jeie dy der no yn sa’n 100, oant 200 jier trochhinne.

Jo hoege gjin wittenskipper te wêzen om yn te sjen dat dit net in hâldber systeem is. Je hoege ek gjin wittenskipper te wêzen om te begripen dat al die fjoerkes, ûnder ús motorkappen, yn ús cv’s en by ús fabriken soargje foar in feroaring fan de gearstalling fan ús lucht.

Ik tink wolris, hoe soe de lucht 300 jier lyn rûkt hawwe. Yn fergelyk mei no. Der wie in brân hjir yn Amsterdam dit wykein, en dat stonk. Mar miskien stjonkt it no eins altyd. Mar omdat it altyd is, rûke wy it net mear.

Ik winskje dat mei ús lucht itselde barre kin as dat mei roken yn kafees en restauranten barde. Dat wie hiel gewoan, mar hoe nuver is dat no. En wat fine we no dat ús klean stjonke, wannear’t we dochs ris in kear by in roker sitten hawwe.

Gerrit Hiemstra: “Extreme regen zoals nu, dat zal vaker voorkomen, het zal heftiger worden. Hoe heftig, dat hangt er vanaf of we de uitstoot van broeikasgassen genoeg kunnen beperken. En we zullen ze moeten aanpassen.”

Duorsumens is gjin djoere hobby. It is needsaak, it is hannel en it is de takomst.

Amearika. Ik fyn it ûnbegryplik dat sa’n machtig lân, sa’n stive, wrede, bekrompen en efterlike lieder kieze kin, mei in echte kop fan stien."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(advertinsje)
(advertinsje)