Soarch oer nij Europeesk transportfoarstel

01 jun 2017 - 07:48

Fryske transportbedriuwen meitsje har grutte soargen oer de nije transportfoarstellen fan de Europeeske Kommisje. Dy wol dat bûtenlânske sjauffeurs yn in perioade fan in moanne de kâns krije moatte om maksimaal fiif dagen lang safolle binnenlânske ritten te meitsjen as se wolle. Se moatte dan wol fan dei ien ôf betelle wurde nei it Nederlânske salarisnivo. No is it noch sa dat se maksimaal trije ritten meitsje meie yn sân dagen. Neist harren eigen lading meie se dan noch twa oare ritten dwaan yn dat lân en dan moatte se wer werom nei harren eigen lân.

Transport & Logistiek Nederland is net folslein ûntefreden mei it nije foarstel, mar de tiidspanne fan fiif dagen fine se te lang. Der is benaudens yn de transportsektor foar ûnearlike konkurrisje. "Als bedrijven intensief gebruik gaan maken van die vijf dagen, en chauffeur na chauffeur Nederland in laten komen. Dan moet je je ook gaan afvragen of zo'n bedrijf niet een vestiging in Nederland zou moeten openen, en op die basis eerlijk moet concurreren met de andere Nederlandse bedrijven," sa seit Arthur van Dijk, foarsitter fan Transport en Logistiek Nederland.

Utgangspunt fan de nije regels is dat minsken itselde lean krije moatte foar wurk op deselde lokaasje. De foarstellen sille benammen foardiel jaan oan sjauffeurs út East-Europeeske lannen dy't ride yn West-Europa. Sjauffeurs moatte mei har tachograaf oanjaan wannear't se de grins oergean. It foarstel fan de Europeeske Kommisje moat noch wol goedkard wurde troch it Europeeske Parlemint.

(advertinsje)
(advertinsje)