Soargen oer ferkearsfeiligens by harksit oer De Skieding

31 maaie 2017 - 23:08

In soad soargen oer de ferkearsfeilichheid by de spesjale harksit fan de Provinsjale Steaten oer de oanpak fan De Skieding. Dat is de N358 tusken Surhústerfean en de A7. Deputearre Steaten wol de dyk feiliger meitsje, mar just oer maatregels dy't de dyk feiliger meitsje moatte, hawwe omwenners soargen.

By de harksit yn it gemeentehûs yn Achtkarspelen kamen tolve minsken oan it wurd, sawol foar- as tsjinstanners fan de oanpak. Provinsjale Steaten moat noch ynstimme mei it plan fan Deputearre Steaten. Dêrom waard de harksit organisearre. 

Belangen

Der spylje in soad ferskillende belangen. Sa kaam de Friese Milieu Federatie oan it wurd om de gefolgen foar de natuer te sketsen.

Neffens it 'Comité Nieuw Tracé Nee', dy't nei eigen sizzen de belangen fan 55 húshâldens en seis bedriuwen fertsjintwurdiget, liedt it plan fan Deputearre Steaten ta twongen ferkeap fan grûn en wurdt it wengenot fermindere.

Undernimmersfederaasje Noordoost Fryslân wol krekt graach dat Provinsjale Steaten sjocht nei de ûntsluting fan De Skieding en pleitet foar in folslein nije dyk. 

Op 21 juny nimt Provinsjale Steaten in definityf beslút oer De Skieding. 

Trefwurden: 
De Skieding Bûtenpost
(advertinsje)
(advertinsje)