"Noardseekust moat better beskerme wurde"

De Noardsee by Flylân © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De natoer by de waadeilannen en ek oare natoergebieten oan de Noardseekust moat better beskerme wurde. Ferskate natoerorganisaasjes, de oerheid en de fiskerij hawwe dêrom woansdei har hanteken setten ûnder it 'Noordzeekustvisserijakkoord'. Der stiet yn dat de garnalefiskerij duorsumer makke wurde moat en dat guon fiskgebieten sletten wurde moatte.
De natoergebieten oan de Noardsee wurde sjoen as de kreamkeamer ûnder wetter. Dêrom fine de belutsen partijen it nedich dat guon gebieten sletten wurde foar de fiskerij. It stribjen is dat fiskerij foar 2020 duorsumer is. As dat net slagget, wurdt de fiskerij fierder beheind.