Midsimmermoeting ferfangt nijjiersresepsje Achtkarspelen

31 maaie 2017 - 20:59
It gemeentehûs fan Achtkarspelen

Ynwenners fan Achtkarspelen kinne it begjin fan de simmer dit jier op in bysûndere wize fiere. Boargemaster en wethâlders fan dy gemeente hawwe nammentlik foar harren in midsimmermoeting organisearre. Dat evenemint wurdt holden yn plak fan de nijjiersresepsje. Dy waard dit jier net jûn.

De gemeente woe wolris wat oars foar de ynwenners dwaan. Op woansdeitejûn 21 juny binne minsken wolkom op it gemeentehûs foar in drankje en in flaubyt. Dêrneist kinne se genietsje fan ferskate kulturele bydragen. Minsken dy't derby wêze wolle, moatte har opjaan op de website fan Achtkarspelen.

(advertinsje)
(advertinsje)