Studinten sliepe en ite net foar it goede doel

31 maaie 2017 - 21:44

Tachtich studinten fan hegeskoalle Stenden yn Ljouwert hawwe yn de nacht fan woansdei op tongersdei net sliept en iten. Se dienen dat om har bewust te wurden fan de hongerproblematyk yn 'e wrâld. Nei 7 oere jûns mochten se allinnich noch wetter en tee sûnder sûker drinke.

Om wekker te bliuwen folgen se lêzingen en dienen se ferskate aktiviteiten dy't mei it tema wrâldhonger te krijen hawwe. Mar ek wie der tiid foar leuke saken lykas tafeltennis, sumo wrakseljen of âld-Hollânske spultsjes. De studinten sammelje mei dizze aktiviteit ek jild yn foar it projekt 'Soup Kitchen'. Dy stichting soarget derfoar dat earme gesinnen yn Súd-Afrika net mei de honger yn 'e hals op bêd gean.

Yn totaal is der sa'n sân tûzen euro ophelle. Dat is in stik heger as dat de organisaasje yn it foar tocht hie. It doel wie oarspronklik om út te kommen op in bedrach fan rûn de 1500 euro.

Trefwurden: 
Stenden Soup Kitchen earmoed
(advertinsje)
(advertinsje)