Offaloven REC krijt gjin hegere skoarstien

31 maaie 2017 - 20:30

De skoarstien fan ôffaloven REC yn Harns wurdt net ferhege. Neffens de ferantwurdlike wurkgroep, mei dêryn ûnder oare Omrin, gemeente en provinsje, is dit net helber. Der binne te min arguminten en it ûntbrekt oan draachflak foar in hegere skoarstien.

It ûndersyk nei de skoarstien is ien fan de punten yn it ferbettertrajekt fan de REC. Dit trajekt waard ynset nei de steuring fan oktober 2015, wêrby't te hege dioksinewearden metten waarden. Oare ûnderdielen fan dat ûndersyk wiene de mjittingen fan dioksine en sâltsoer en de kommunikaasje oer de ôffaloven. Ek waard sjoen nei ferbettering fan tafersjoch en hânhavening. Neffens de wurkgroep binne alle ferbetterpunten klear of yn gong set.

Mjittingen

De dioksinemjittingen krije in ferfolch, oant yn alle gefallen augustus dit jier. De mjittingen fan it sâltsoer en it luchkwaliteitsûndersyk binne noch yn folle gong. Ut foarlopige resultaten docht bliken dat de luchtkwaliteit yn Harns goed is.

Kommunikaasje

De wurkgroep hat in nij kommunikaasjeprotokol ynsteld, mei de ferwachting dat de kommunikaasje tenei better ferrinne sil.

Technyske ferbetteringen

De technyske ferbetteringen oan de REC binne hast klear. Sa is de opstartlieding bûten gebrûk steld, is in alarmearring foar aktyf koaldosearring oanbrocht en is de bestjoering fan in grutte fentilator oanpast, wêrtroch dizze minder gau útfalt. Ek binne der foarsjenningen oanbrocht om de ynstallaasje better skjin te meitsjen.

De REC starte 19 maaie lêstlyn wer op nei in ûnderhâldsstop fan trije wiken.

Trefwurden: 
REC skoarstien Harns ôffaloven
(advertinsje)
(advertinsje)