Restaurant De Trijehoek wol sa gau as mooglik wer iepen

31 maaie 2017 - 17:36

De eigener en meiwurkers fan restaurant De Trijehoek yn Lippenhuzen wolle sa gau as mooglik wer iepen. Dat hawwe de partijen woansdeitemiddei mei-inoar ôfpraat yn restaurant De Trijehoek. De saak gie ferline wike ûnferwachts ticht doe't de Belgyske eksploitanten Lesley en Denise nei trije wike hommels útnaaiden. Dy Belgen lieten dêrby in soad ûnbetelle rekkens achter fan leveransiers.

Unbetelle rekkens

In pear wike lyn dienen de Belgen al itselde by restaurant Boppe de Golle op De Gaastmar. Ek dêr ferdwûn it pear en bleaune ûnbetelle rekkens achter. Peter Syperda, de eigener fan Boppe de Golle, wie ek de man dy't eigener en meiwurkers fan De Trijehoek warskôge, en sa kaam de saak oan it rôljen. Guon leveransiers op De Gaastmar waarden wol betelle troch it duo. Auke van Netten fan de pleatslike supermerk lit witte dat er 'gjin klachten' hat oer it duo. Pieter Hoogterp fan de garaazje ferkocht in auto oan it duo. Ek dy is betelle. Dat gie net samar. Hoogterp moast der neffens eigen sizzen wol 'boppe-op' sitte om syn jild te barren.

Trochstart

Hoarekamakeler Jokko Edens út Ljouwert is al yn petear mei gadingmakkers foar in trochstart. Edens is dêr optimistysk oer dat dat wol slagje sil. It doel is om De Trijehoek yn alle gefallen foar de kommende simmerfakânsje wer iepen te hawwen. De meiwurkers fan it restaurant krije op Facebook in soad reaksjes fan minsken dy't harren wol stypje wolle en ek fan miening binne dat it restaurant wer sa gau mooglik iepen moat.

Ek in België aktyf

It hoarekapear Lesley en Denise hat trouwens ek yn harren heitelân slachtoffers makke. Justysje yn België jout de folgjende reaksje oer de fertochte: "Ik kan bevestigen dat er op dit ogenblik een onderzoek loopt naar mogelijke feiten van oplichting lastens L. V.. Het gaat om feiten gepleegd te Sint-Truiden, waarbij het nadeel wordt geschat op ongeveer 20.000 euro. De benadeelden zijn leveranciers uit de horecawereld."

(Advertinsje)
(Advertinsje)