Aris krijt langer de tiid om sponsor te finen

31 maaie 2017 - 17:35
Foto: Omrop Fryslân

Basketbalklup Aris út Ljouwert hat twa wiken langer de tiid krigen om sponsors te finen. As it de klup net slagget om foar 13 juny in nije haadsponsor of meardere lytse sponsors te finen, spylje se takom jier nei alle gedachten net yn de Dutch Basketball League.

Troch it ôfheakjen fan haadsponsor Unive en De Friesland Zorgverzekeraar as maatskiplik partner, hat Aris in grut gat yn de begrutting. De klup fiert de kommende wike noch ferskate petearen mei potinsjele partners.

Trefwurden: 
basketbal Aris
(advertinsje)
(advertinsje)