Tomke-app foar iPad

26 okt 2011 - 10:16

Der komt in Tomke-app foar de iPad. De applikaasje wurdt nije wike lansearre ta gelegenheid fan it 15-jierrich bestean fan it Tomke-projekt. Dat wurdt fierd mei in Tomke-sympoasium foar liedsters fan pjutteboartersplakken. Fia de app is alle ynformaasje te finen. Tomke is it Frysktalige projekt foar taal- en lêsbefoardering fan bern oant seis jier. Op it sympoasium wurdt ek yn Fryske Foarlêstkoffer presintearre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)