Feanwâldster komt fêst te sitten op de wc

31 maaie 2017 - 17:18

De brânwacht fan De Westereen hat woansdeitemiddei in âldere man befrijd fan de wc yn syn hûs yn Feanwâlden. De man wie fêst komme te sitten en koe der sels net mear ôfkomme. Hoe't de man beknipe rekke is, is net bekend.

It brânwachtpersoniel hat him wer losmakke en de man is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. Hoe't it mei him giet, is net bekend.

Trefwurden: 
brânwacht wc Feanwâlden
(advertinsje)
(advertinsje)